Meiwurkers Hartman Seisbierrum wegerje hantekening te setten

Meiwurkers fan glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum wegerje neffens it fakbûn CNV Vakmensen massaal om harren hantekening te setten ûnder de oerienkomst dy't harren ferline wike foarlein is troch de direksje. It fakbûn hie advisearre om net te tekenjen foar wat sy in 'foai' neame.
It bedriuw Hartman yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, René Koster
Flak foar de krystdagen oerfoel de direksje de meiwurkers mei it nijs dat 57 fan de 110 wurknimmers ûntslein wurde soene. Meiwurkers dy't ûntslein wurde soene, krigen in saneamde fêststellingsoerienkomst foarlein. Se hiene oant freed om dy oerienkomst te tekenjen. Neffens it CNV is it bedrach dat dizze minsken meikrigen in tredde fan de wetlik fêstleine transysjefergoeding. It fakbûn neamt dat skandalich. Boppedat waarden meiwurkers ûnder druk set, dat ast se net tekenje soene, it bedriuw fallyt gean soe.
De druk op de direksje nimt neffens it fakbûn ta no't de meiwurkers wegerje te tekenjen. A.C. Hartman is in begryp yn de glêstúnbousektor en leveret ûnder oare oan de supermerken fan Albert Heijn. It bedriuw is yn 2017 oernaam troch it Belgyske The Fruit Farm Group.