Fiskerij wol better tafersjoch op it beladen fan kontenerskippen

Der moat yn de havens better tafersjoch komme op it beladen fan grutte kontenerskippen. Dat seit foarsitter Johan Nooitgedagt fan it Nederlânske Fiskersbûn. Neffens him giet der yn de haast fan it beladen fan de skippen faak wat mis en wurde konteners net goed fêstsetten. Jierliks ferdwine sa tûzenen konteners yn see.
Fiskerij © Shutterstock.com
De konteners foarmje neffens Nooitgedagt in grut gefaar foar it skipfeartferkear. De fiskers op de Noard- en Waadsee hawwe boppedat in soad lêst fan de konteners en de lading dy't derút kaam is. "It gefaarlikst binne de konteners. Dêr sitte hurde hoeken op en dêr kin it skip op stikken slaan of troch omlutsen wurde", fertelt Nooitgedagt.
Se helje netten fol guod út see, lykas boartersguod en wettersieders. De fiskers hawwe grutte pûden krigen, dêr't se it guod yn bewarje en jouwe dy ôf yn de havens. At se driuwende konteners tsjinkomme, slepe se dy mei nei in feiliger plak of wurdt der in bergingsskip warskôge.
Johan Nooitgedagt oan it wurd

Oanspraaklik

It Fiskersbûn wol de eigener fan it kontenerskip ek oanspraaklik stelle, lykas de Waadgemeenten dogge. "Ik fyn it wichtich om te witten hoe't it komt dat de konteners losrekke binne. Hjir binne gewoan fouten makke en dat moat gefolgen hawwe."
Nooitgedagt warskôget wol dat minsken harren net ryk rekkenje moatte mei it fersekeringsjild. Der sit in maksimumbedrach oan de oanspraaklikheid. Hoe heech dat maksimum is, falt noch net te sizzen.