Meldkeamer wurdt platbelle om pûden oanspielde keunststof op Waadeilannen

De Feilichheidsregio freget minsken om net langer massaal de meldkeamer te beljen oer oanspielde pûden mei HDPE. De meldkeamer driget oerbelêste te reitsjen mei telefoantsjes. Dy komme fan minsken dy't helpe mei it oprêden fan guod út de konteners dy't earder dizze wike fan it skip MSC Zoe foelen.
© Feilichheidsregio Fryslân
Yn dy konteners sit ek it gefaarlike perokside. Dat moat troch de brânwacht opromme wurde. Mar de pûden mei HDPE, in keunststof, binne net gefaarlik en dêr hoecht 112 net foar belle te wurden, seit de Feilichheidsregio.
Ek op Twitter wurde foto's dield fan de ûnskealike HDPE.