LIVEBLOG: Hannen út 'e mouwen stutsen op it Waad, in soad opromme
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei 277 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske waadeilannen ta dreaun. Yn de rin fan woansdei binne der al sa'n 20 konteners op Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach oanspield. Op tongersdei waard der foaral oprêden troch frijwilligers. Freedtemoarn binne der militêren nei Skiermûntseach kaam.
Dei 3 fan de kontenerramp is foarby en wy slute dit liveblog ôf. Op alle strannen en seediken yn it Waadgebiet is freed de hiele dei wer mei man en macht wurke om de boel op te rêden. Ek sneon binne der op ferskate lokaasjes wer opromaksjes. Skylge en Flylân ha gjin ferlet fan ekstra minsken en jouwe it advys om op de oare eilannen te helpen. It advys is ek oan alle helpers, om waarme klean oan te dwaan.
Jim kinne sneon wer de lêste stân fan saken folgje by Omrop Fryslân. Foar no allegear tige tank foar it folgjen!
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat yn syn nijjierstaspraak op it Provinsjehûs yn Ljouwert syn soargen útsprutsen oer de gefolgen fan de konteners dy't oanspiele op de Waadeilannen.
Boskwachter Henk Jan v.d. Veen kin wer genietsje fan in skjinne kwelder by Holwert.
It skip de MS Arca fan de Kustwacht sil by de Waadeilannen helpe de konteners op de seeboaiem te lokalisearren. Dêrfoar hat it spesjale apparatuer oan board, sa as sonar.
Guod út de konteners spielt no ek oan lâns de kust fan de gemeente Waadhoeke. Der is in ôffalkontener pleatst by Zwarte Haan sadat de rommel dêr yn dien wurde kin, meldt Waadhoeke op Twitter.
It Amelân is wer skjin, sa melde ferskate skjinmakkers. Mar it is wachtsje op heech wetter, nei alle gedachten sil er wer in soad guod oanspiele.
Ek Rykswettersteat hat de rederij oanspraaklik steld foar de skea dy't de konteners en de ynhâld dêrfan, oanrjochte ha. Earder stelden de Waadeilannen al mei-inoar de reder oanspraaklik.