Rjochter wiist fallisemint jildtransportbedriuw SecurCash ôf

04 jan 2019 - 09:18

Jildtransportbedriuw SecurCash, mei ek in fêstiging yn Drachten, is dochs net fallyt. It bedriuw hie it fallisemint oanfrege, mar de rjochter gie dêr net yn mei. Neffens de rjochter hat SecurCash genôch likide middelen om oan de finansjele ferplichtingen foldwaan te kinnen.

Foto: Shutterstock.com

De rjochter joech oan de yndruk te hawwen dat it bedriuw him mei in fallisemint ûntskuorre woe oan syn finansjele ferplichtingen op de lange termyn, tsjinoer de mear as 200 fêste meiwurkers. Dêrfan wurkje sa'n 40 yn Drachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)