Militêren sette foet oan wâl op Skiermûntseach

Sa'n hûndert militêren binne freedtemoarn betiid ôfsetten nei de Waadeilannen. De militêren sille earst nei Skiermûntseach, omdat dêr de help op it stuit it meast nedich is. Ofrûne woansdei ferlear kontenerskip MSC Zoe 270 konteners yn de Noardsee, wêrfan't de ynhâld nei de eilannen driuwt.
Oankomst militêren op Skier
Der hawwe tongersdei in soad opromaksjes west. Frijwilligers setten har manmachtich yn om tegearre de strannen skjin te meitsjen. Dat is al aardich slagge, mar der leit noch hieltyd in soad rommel. Benammen op Skylge en Skiermûntseach is noch in soad te dwaan.
Dêrom wurde der no militêren ynsetten. Sy sille op Skiermûntseach begjinne mei it oprêden fan it oanspielde guod. Se hawwe ûnder oare grutte weinen mei laadbakken meinaam. At der op de oare eilannen help nedich is, kinne se dêr ek byspringe. Nei alle gedachten bliuwe de soldaten twa dagen op Skier.

Gjin nije konteners

Yn de nacht fan tongersdei op freed binne der gjin nije konteners oanspield. Tongersdei spielde der op Skiermûntseach lykwols in pûde giftige perokside oan. Der binne noch 279 fan sokke pûden hieltyd net fûn. De Dútske Kustwacht hat melddat der minstens trije konteners binne mei gefaarlike stoffen. Yn ien dêrfan siet de perokside, dy't ek op Skiermûntseach oantroffen is.
Rutger de Groot fan Feilichheidsregio Fryslân
No binne der hast 300 konteners op see ferlern rekke, mar der binne mar tsien lokalisearre op it wetter. It is ôfwachtsjen wêr't en wannear't de rest opdûkt. In grut part sil al sonken wêze.
"De Kustwacht houdt natuurlijk een oogje in het zeil voor de scheepvaart", fertelt Rutger de Groot fan Feilichheidsregio Fryslân. "Wij richten ons nu vooral op containers die aanspoelen met gevaarlijke stoffen. We zullen ook druk bezig zijn met het opruimen van stranden."
Jeroen Berkenbosch wie op Skiermûntseach
Ek toeristen wolle graach harren stientsje bydrage. Guon minsken hawwe tongersdei oeren op it strân omstrúnd om it ôffal op te romjen. "We willen voor het maatschappelijk belang meedoen en iets opruimen. Dit is uniek", fertelt in frou.
Minsken út Amsterdam hawwe ek it strân op west. Dêr lei fan alles en noch wat. Foar de bern is it in spannende syktocht, mar de âlden fine it mar somber. "Wat wij zien is maar een fractie van wat er nog op zee drijft", fertelt immen. "Wat ik heel mooi vind, is dat tegen het donker worden er nog steeds honderd man op het strand liep. Iedereen is met vuilniszakken in de weer om alles op te ruimen."