Botsing tusken auto en scooter yn Drachten

04 jan 2019 - 07:45

By in ûngelok op De Bolder yn Drachten is freedtemoarn in scooterrider ferwûne rekke. In automobilist dy't by it bedriuw Continental Candy Industries ôfslaan woe, seach de scooterrider nei alle gedachten net en ried him oan.

Foto: Srfotografie

Meiwurkers fan it bedriuw ferlienden earste help en droegen it slachtoffer oer oan meiwurkers fan de ambulânse. Dy ha de scooterrider nei it sikehûs brocht. De plysje hat de dyk tydlik ôfsletten en docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)