Kollum: "Starte mei it begjin"

04 jan 2019 - 07:38

"In nij jier, in nije start en in nij begjin. Mar wat is no it ferskil tusken starte en begjinne? It is hast deselde fraach as wat it ferskil is tusken net winne of ferlieze. Wat dochst leaver: net winne of ferlieze? En wat fynst moaier: starte of begjinne?

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

In protte minsken hawwe wer goede foarnimmens by 't soad. Minder roke, drinke en ite en mear sporte, binne, tink ik, wol de meast populêre. Ik soe der ek wol fiif kilo ôf ha wolle, mar dy fiif kilo bliuwt tagelyk ek wat abstrakt, en meastal ek sitten. En it is ek sa apart dat it altyd sa'n striid is om op gewicht en sûn te bliuwen.

Op skoalle leare we faak al dat we baas binne oer ús eigen liif. As immen oan dy komt wylst dat net wolst, dan moat 'nee' genôch wêze en ast al twongen wurdst, kinst de plysje belje. Mar dy tsiende oaljekoek dy'tst eins net ha woest, fynt him wol in wei nei binnen ta en it lêste fleske bier datst eins net mear kwyt kinst, soarget derfoar datst oer dyn nekke giest en der foar in fermogen útkoarrest.

Ik fyn it mar apart dat wy yn wêzen alles foar hannen hawwe om sûn te bliuwen, útsein in sûn stik ferstân op dit mêd. "Nee! Ik hoech gjin koekje mear! Okee, noch ien! Ik drink troch de wike echt gjin wyn mear! Okee, ien ha 'k wol fertsjinne." Mar ien wurdt meastal twa, of mear. En dêr hast dus neat mei wûn, want do soest starte, mar bist net begûn. Ferliezer!

De sportskoallen, diëtisten en ôfkickkliniken farre der goed by. Wy binne sa'n ein fan 't paad ôf dat we yn 'e auto nei de sportskoalle ta gean om dêr te fytsen. De sûkeryndustry laket him hielendal slop en fertsjinnet in fermogen oan ús swakke geasten. Sûker is ferslaavjend, dat witte we neffens my allegear wol, mar it is ek sa hearlik.

Ik ha wol mominten hân dat ik fan 'e sûker ôf wie. No brûk ik it nea mei it itensieden, mar ik bin wol in snobber en as ik ien kear begjin, dan wit ik fan gjin ophâlden. De sûker dirigearret my dan hieltyd nei de kast en ik folgje braaf it befel op. In frommes fan 47 jier dat dochs better witte moat, rint wer nei de kast om in dropke en dat hat werklik neat mei fieding te krijen, mar it is wol lekker.

Uteinlik is it te bespotlik foar wurden en dêrom bin ik fan doel hjirmei op te hâlden. De bedoeling is dat ik sels de regy wer nim en alles stean lit dat net sûn is. Ik ha soks wolris faker dien en de earste twa wiken binne it dreechst. Dêrnei wurdt it better en wat ek hiel noflik is, is it rêstige en heldere gefoel datst yn dyn holle krigest. Mear enerzjy en in tankber liif binne ek it resultaat.

Ut ûnderfining wit ik dat it sa is en dat ik it kin, mar ek dat ik it nea in hiel skoft folhâld. Der komt altyd wol wer in momint datst it dysels tastiest om wat lekkers te nimmen, omdatst sa goed dyn bêst dien hast. Ien dropke wurde wer fiif, of in hânfol. In hantsjefol sjips wurdt in hiele pûde en foardatst it witst, is it desimber en fretst dy wer klem oan de oaljekoeken of koarrest al it bier der wer út.

Mar 2019 wurdt it jier fan trochsette! En stel dat de sûker dochs ferfelend wurdt, dan belje ik gewoan de plysje. Ik bin baas oer myn eigen liif, blinder!"

(advertinsje)