Brânwacht rydt út foar wenningbrân yn Seisbierrum

De brânwacht hat freedtemoarn betiid yn Seisbierrum in brân yn in frijsteande wenning oan de Adelenstrjitte dwêste. Om't sprake wie fan in útslaande brân, ried de brânwacht manmachtich út.
Brânwacht rydt út foar wenningbrân yn Seisbierrum
De brân siet yn it dak en wie gau ûnder kontrôle. Der ûntstie in soad skea oan de wenning. In ambulânse wie oanwêzich om de bewenners, dy't mooglik reek ynazeme hiene, te kontrolearjen.
Stichting Salvage sil de bewenners helpe by it ôfhanneljen fan de skea.