Flylân en Skylge stelle MSC oanspraaklik en rekkenje op fergoeding

04 jan 2019 - 07:06

De gemeente Flylân hat de Switserske rederij MSC oanspraaklik steld foar de skea troch oanspielde konteners fan it skip MSC Zoe, dat earder dizze wike 270 konteners ferlear yn de Noardsee boppe de Waadeilannen. Neffens boargemaster Tineke Schokker hat de gemeente de rederij in pittige brief stjoerd.

Foto: Havariekommando

Yn it telefyzjeprogramma Jinek sei Schokker dat de gemeente is begûn mei it opromjen fan de rommel op de strannen, mar dat se de kosten op de reder ferhelje. De boargemaster hat der fertrouwen yn dat de rederij ek echt betelje sil.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge joech earder ek al oan dat hy ferwachtet dat MSC de skea betelje sil. De gemeente hat nei petearen mei de fersekerder fan it bedriuw alle fertrouwen dat it bedriuw betelje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)