Aris ferliest fan Dutch Windmils út Dordrecht

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat tongersdeitejûn ferlern fan Dutch Windmills út Dordrecht. Yn de sporthal oan it Kealledykje waard it 80-74 foar de gasten, fia de kwartstannen 15-26, 38-39, 56-66.
Darian Anderson © Aris
De nije spiler Darian Anderson makke yn dizze wedstriid syn debút by de Ljouwerters. Hy is de ferfanger fan pointguard Johnny Williams. Dy hie Aris frege om syn kontrakt te ûntbinen, fanwege in slepende blessuere.
Kommende sneon moat Aris wer thús spylje. Dan treffe de Ljouwerters Rotterdam.