FIDEO: Mei man en macht strannen en diken skjinmeitsje

03 jan 2019 - 19:28

Op de Waadeilannen en lâns de Waadkust op de fêste wâl waard tongersdei mei man en macht wurke om de strannen en diken wer skjin te krijen. Oeral lei rommel en guod ôfkomstich fan it grutte kontenerskip MSC Zoe, dat woansdei 270 konteners ferlear op de Noardsee boppe de eilannen. Nei de earste blydskip fan de jutters kaam al gau it besef dat der ek in grutte skaadkant oan it oanspielde guod sit. Der driget miskien sels wol in miljeuramp. Tiid dus om yn aksje te kommen.

Skylge

Op Skylge sloegen eilanners, toeristen, bedriuwen en helptsjinsten tongersdei de hannen ynien om kilometers strân skjin te meitsjen. Hûnderten minsken ha holpen om de oanspielde rotsoai op te romjen. "Klasse. Morgen verder!", skriuwt de gemeente Skylge op Twitter.

Freed wurdt it eastlik diel fan it eilân opromme. Minsken dy't meihelpe wolle, kinne har om 10.00 oere yn Easterein melde op it parkearplak by Heartbreak Hotel. Minsken fan de fêste wâl kinne foar Skylge en Flylân sels in spesjaal opromdeiretoer boeke by Rederij Doeksen.

Flylân

En fan Skylge is it mar in lyts stapke nei Flylân. Want ek dêr hawwe eilânbewenners massaal holpen it strân skjin te meitsjen. Folle flugger as ferwachte eage it strân wer sa't it wêze moat: in prachtich stikje natuer.

De hiele dei wiene se yn it spier op Flylân. Trekkers, auto's en sels materieel fan de loftmacht, dy't geregeld op Flylân oefenet, waarden ynset. Oan it begjin fan de middei wie hast alles oprêden. Dochs bliuwt it eilân alert, want der soe samar wer wat oanspiele kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust prate mei Jan van Vlieland

(advertinsje)
(advertinsje)