SC Cambuur yn wachtkeamer foar Jong AZ-spits Ferdy Druijf

03 jan 2019 - 18:53

SC Cambuur besiket Ferdy Druijf te hieren. AZ wol de spits, dy't by de beloften fan de Alkmaarders al fjirtjin kear skoarde, it kommende heal jier ferhiere. Der binne allinne mear kapers op 'e kust.

Jong AZ-spits Ferdy Druijf - Foto: www.orange-pictures.nl

Dus sitte de Ljouwerters yn de wachtkeamer. Assistint-trainer Jan Bruin en technysk manager Foeke Booy hawwe in goed petear mei him hân. "Maar sinds AZ bekendmaakte dat hij verhuurd mag worden, hengelen er meer clubs naar hem. Hij voert nog wat gesprekken en dus moeten we afwachten", fertelt Booy. Dêrnjonken hawwe der ek petearen west mei in Nederlânske middenfjilder, mar dêr wol Booy fierder neat oer kwyt.

Cody Claver en Omar El Baad meie, lykas Justin Mathieu, fuort by SC Cambuur. Beide ferdigeners binne ek net meireizge nei it trainingskamp yn Spanje, sadat se fuortendaliks fuort kinne as der ynteresse foar harren is. Ek Jordy van Deelen is net mei nei Spanje. Hy refalidearret fan syn knibbelblessuere en docht dat gewoan yn Ljouwert.

Foto: www.orange-pictures.nl

Proefspilers

De seleksje fan de Ljouwerters is tongersdei foar in trainingskamp nei it Spaanske L'Alfàs del Pi, flakby Benidorm gien. Der binne twa proefspilers mei. Ut Frankryk wei reizget Anthony Ribelin dêrhinne. "Dat is een buitenspeler, waarvan we beelden hebben gezien die ons nieuwsgierig maakten", fertelt Booy. Hy kaam de 22-jierrige Ribelin op it spoar fia in tip fan spilersmakelder Didier Martel, dy't sels yn it ferline by FC Utrecht spile. Ribelin is de soan fan Martel. Hy spilet no op it fjirde nivo yn Frankryk.

Ek de Oerûguayaan Matias Jones reizget mei nei Spanje. Jones is al wat langer op proef by Cambuur. Dêryn makke hy yndruk neffens Booy: "We hebben dingen gezien die de moeite waard zijn. We gaan nu kijken of het serieus gaat worden. Het is een type voetballer vergelijkbaar met Justin Mathieu, die in het midden en aan de zijkant van de aanval uit de voeten kan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)