Frou hat bysûndere tsjelk mei in wearde fan 85.000 euro op souder stean

03 jan 2019 - 17:06

In bysûndere fynst yn it tillefyzjeprogramma Tussen Kunst en Kitsch. In frou naam in glêzen tsjelk mei nei it Dordrechts museum, dêr't de útstjoering plakfûn. It wie lykwols net samar in tsjelk, mar in saneamde 'hensbeker'. Dêr stiene Fryske aadlike nammen yn gravearre.

Foto: AvroTros

De frou soarge jierrenlang foar har berneleaze muoike. Dy beskôge har as har eigen dochter. Doe't de muoike ferstoar, erve de frou al har guod. In part gie nei it feilinghûs, mar dêr fûnen se dit glês net ynteressant.

Glês- en keramyk-ekspert Kitty Laméris wie it dêr lykwols net mei iens. Sy fûn de tsjelk tige nijsgjirrich. It die bliken dat it gie om in eksimplaar út de sechstjinde iuw. Oan de hân fan de stimpele maskers en de blauwe pearels seach Laméris fuortendaliks dat it om glês út Antwerpen gie.

Fryske nammen

Wat de beker sa bysûnder makket, binne de Fryske nammen dy't deryn gravearre binne. It giet om nammen as Burmania, Kamminga, Van Dekama, Fockema, Van Walta, Donia en Van Heerma.

Verhensen

De beker waard brûkt as minsken lid wurde woene fan in bepaalde feriening. Sy moasten dan de ynhâld, bier of wyn, yn ien kear opdrinke. Dat waard 'verhensen' neamd, it tsjintwurdige 'ad fundum' of 'atten'. As dat slagge, waarden harren nammen mei in diamant of in diamanten ring yn it glês krast.

Laméris skatte de wearde fan de hensbeker op 85.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)