Frijsteat Folgeren moat Formule 1-auto's werombringe

03 jan 2019 - 16:37

De twa Formule 1-auto's dy't nijjiersdei by de Frijsteat Folgeren yn Drachten opdûkten, binne opfrege troch de eigeners. De nijjiersferiening hie de race-auto's út Dútslân wei helle foar harren nijjiersstunt. De eigeners hiene har doe noch net meld, mar woansdei kaam der dan dochs in telefoantsje by Folgeren binnen.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De besitters fan de Formule 1-boliden binne Nederlanners. Se koene de grap der wol fan ynsjen, mar wolle dat de auto's sa gau as mooglik werombrocht wurde. Fierders sille der gjin konsekwinsjes wêze foar de feriening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)