Oantroffen pûde perokside is yndie gefaarlike fariant

03 jan 2019 - 15:13

De pûde mei perokside dy't op Skiermûntseach oanspield is, befettet yndie de gefaarlike fariant fan de stof. It giet om de organyske perokside. Dizze stof is tige brânber en moat net troch minsken oanrekke wurde.

Foto: Gemeente It Amelân

Jan Willem Zwart fan Veiligheidsregio Fryslân

Tongersdeitemoarn spielde in pûde mei 25 kilo perokside oan, ôfkomstich út in kontener fan MSC Zoe. Der binne noch gjin oare pûden oantroffen.

Trije konteners

Maksimaal trije konteners mei gefaarlike stoffen binne oerboard gongen fan de MSC Zoe, seit de Dútske Havariekommando. Dit is de sintrale kommando maritime needsituaasjes yn it Dútske Bremerhaven. De trije konteners binne noch net fûn. In Dútsk oaljetafersjochsfleantúch en in Dútske federale plysjehelikopter sykje yn it gebiet noardwest fan Borkum rjochting Nederlân om de konteners te trasearjen.

Gefaar foar de sûnens

It ferlies fan de konteners is nei alle gedachten yn de Nederlânske wetteren begûn, seit de Havariekommando. Twa leden fan it BHV-team binne oan board fan de MSC Zoe yn Bremerhaven om de konteners dy't ferlern binne te identifisearjen. De Havariekommando warskôget om de konteners, parten dêrfan of objekten net oan te reitsjen. Kontakt mei of it ynazemjen fan de stoffen kin in gefaar foar de sûnens wêze.

De fabrikant fan de perokside is Nouryon, in ferkochte ôfdieling fan AkzoNobel. Neffens de Feilichheidsregio komt de pûde út ien fan de konteners. Der is no ien pûde fûn, mar der misse noch 279.

(advertinsje)
(advertinsje)