Fjouwer meter hege reuzerollator waard net mist troch eigener

03 jan 2019 - 14:27

Meiwurkers fan de Limboarchske soarchorganisaasje Meandergroep yn Landgraaf ha twa wiken lang net yn de gaten hân, dat de fjouwer meter hege rollator foar harren haadkantoar ferdwûn wie. It gefaarte wie fuort helle troch leden fan âldjiersferiening Vesuvius út Elslo. Neffens in wurdfierder moasten se fia de media fernimme dat de reuzerollator fuort wie.

Foto: Vesuvius Club Elsloo

Net ien hie it ding mist, sizze se by de regionale omrop L1. It kantoar wie de lêste wiken fan 2018 net drok beset en de rollator stiet op de râne fan it terrein, bûten it berik fan de befeiligingskamera's.

De leden fan Vesuvius hellen de rollator útinoar om him meinimme te kinnen en ûntbleaten dy op nijjiersdei om oandacht te freegjen foar de âlderein yn it doarp. Se hawwe de rollator liend en sille him werombringe. By de Meandergroep krije se in waarm wolkom, want dêr stiet Limboarchske flaai klear foar de leden fan de âldjiersklup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)