Cambuur nimt Frânske oanfaller mei op trainingskamp

03 jan 2019 - 14:22

SC Cambuur nimt Anthony Ribelin mei op trainingskamp nei Spanje. De Frânske oanfaller is op proef. De Ljouwerters reizgje tongersdei ôf nei L'Alfàs del Pi. Moandei komt de seleksje werom.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ribelin spile yn de jeugd by ûnder oare Montpellier en Stade Rennes, mar stiet no ûnder kontrakt by US Marseille Endoume. Dy klup spilet yn de fjirde difyzje fan it Frânske fuotbal. Njonken Ribelin giet ek Matias Jones mei nei Spanje. De Oerûguayaan is al langer op proef yn Ljouwert.

Mathieu wol, Van Deelen net

Under de 25 spilers dy't meireizgje nei Spanje, sit ek de namme fan Justin Mathieu. De oanfaller waard oan de ein fan 2018 foar in oantal wiken dissiplinêr skorst, mar sit fan 1 jannewaris ôf wer by de seleksje.

Jordy van Deelen bliuwt efter yn Ljouwert. Hy hat noch tefolle lêst fan syn knibbelblessuere en wurket yn it Cambuur Stadion fierder oan syn herstel. Foar ferdigeners Cody Claver en Omar El Baad is der ek gjin plak ynromme yn it fleantúch. Ek sy bliuwe efter yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)