Besikersstop Swimfun op 'e Jouwer om grutte drokte
Subtropysk swimbad Swimfun op 'e Jouwer hat foar tongersdeitemiddei in besikersstop ynsteld. It swimbad is te fol en lit fanwege de feiligens gjin minsken mear nei binnen. Foar de kommende dagen wurde der fanwege de krystfakânsje op 'e nij in soad besikers ferwachte.
Neist de rekreative besikers fan it swimbad binne der ek sportwedstriden yn de sporthallen neist it swimbad, dy't foar in soad drokte soargje. It swimbad lûkt sa'n 200.000 besikers yn it jier.