Earste pûde mei gefaarlike perokside oanspield op Skiermûntseach

03 jan 2019 - 12:47

Op it strân fan Skiermûntseach, op 'e hichte fan Peal 7, is in pûde mei 25 kilo poeier fûn. Dy is mooglik ôfkomstich fan it skip MSC Zoe. It giet om de fergiftige stof perokside, seit Feilichheidsregio Fryslân. De brânwacht hat meunsters meinaam en docht ûndersyk nei de stof om fêststelle te kinnen hoe't der it bêste mei de oanspielde lading omgien wurde kin.

Foto: Gemeente It Amelân

Yn trije konteners dy't oerboard slein binne, siet organyske perokside yn poeierfoarm. Neffens de Kustwacht is net dúdlik om hokker soart it giet: de iene soart soe by 50 graden boppe nul ûntflamje kinne, de oare soart is allinnich fersmoargjend.

"Der is ien pûde oanspield, in pûde fan 25 kilo perokside. De brânwacht hat dy yn alle foarsichtichheid meinaam en ûndersiket om hokker foarm fan perokside it giet", seit Jan Willem Zwart fan Feilichheidsregio Fryslân. "Giet om organyske, dan is dy brângefaarlik. Wy hâlde alles goed yn de gaten."

Feilichheidsregio Fryslân oer de perokside

De Feilichheidsregio advisearret om út de buert te bliuwen fan de perokside en de stof net yn te azemjen. At minsken it guod oantreffe, moatte sy de helptsjinsten belje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)