Ekstra Hjoed oer Sintrale As

08 nov 2011 - 16:58

Omrop Fryslân bringt woansdei 13.00 oere in ekstra útstjoering fan Hjoed. Dit yn ferbân mei de útspraak fan de Ried fan Steat oer it al of net trochgean fan de Sintrale As, de nije fjouwerbaansdyk tusken Dokkum en Nyegea.

Yn Hjoed Ekstra wiidweidich omtinken foar de útspraak en de gefolgen fan de útspraak. Fansels bringe we ek reaksjes fan foar- en tsjinstanners fan 'e Sintrale As.

(Advertinsje)
(Advertinsje)