Bern betinke crash Soarremoarre

08 nov 2011 - 16:55
(ympresjefoto) - Foto: Omrop Fryslân

It is tiisdei krekt 70 jier lyn dat in oarlochsfleantúch fan 'e alliearden boppe Soarremoarre delstoarte. Om dit te betinken leine bern fan 'e basisskoallen út Aldeboarn in krâns by it monumint.

It fleantúch, in Wellington, wie yn 1941 op wei nei Dútslân mar waard troch Dútsers út de loft sketten. Alle seis bemanningsleden kamen om. Neist de krânslizzing sels, fertelde in tsjûge syn ferhaal oan de bern. Neffens de kommisje Monumint Soarremoarre is it wichtich dat bern dit stikje skiednis net ferjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)