Plysje yn Ljouwert set wyk ôf om ynbrekkers oppakke te kinnen

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitenacht twa jonge ynbrekkers pakt. De twa jonges fan 16 jier besochten op it Braksân yn te brekken yn in auto. De eigener waard wekker fan it lûd en wist de beide jonges fuort te jeien. Se naaiden út op twa fytsen.
© Omrop Fryslân
De plysje sette de wyk ôf en wist de twa ynbrekkers oan te hâlden. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk. Om't de plysje tinkt dat de jonges mooglik mear auto's iepenbrutsen hawwe, docht se in oprop om ynbraken sa gau as mooglik te melden.