Omrop TIP: Slop fan it laitsjen mei Ronald Smink

03 jan 2019 - 15:47

Hy wurdt wolris sjoen as in libjend stripfiguer: kabaretier Ronald Smink (34). Hy waard berne op De Jouwer en wenne jierrenlang yn Grins, dêr't er yn 2007 it Groninger Studenten Cabaret Festival wûn. No wennet hy yn Utert en is hy ien fan de fêste komedianten fan it kollektyf Het Comedyhuis. Syn somtiden absurde humor, syn bonkige liif en gesicht fan ilestyk meitsje datst him net gau ferjitst ast him ien kear sjoen hast.

Foto: Omrop Fryslân

'Ronald Smink, out of the box' is ien fan de TV-tips foar de feestdagen. By Omrop Fryslân is syn foarstelling 'Out of the box' yn twa dielen te sjen op tongersdei 3 en freed 4 jannewaris fan 17.15 oere ôf.

Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

Trefwurden: 
Ronald Smink kabaret comedy
(Advertinsje)
(Advertinsje)