Liveblog | 3 jannewaris 2019

LIVEBLOG: Elkenien yn 't spier by de skjinmakaksjes op it Waad

Folgje hjir it lêste nijs oer de fermiste konteners, de miljeuskea, skjinmakaksjes en de jutterij op de Waadeilannen.
Lêst bywurke: 7 jannewaris 2019, 11:45
22:46

Ein fan dit liveblog

En oant safier it liveblog oer de skjinmakaksjes op de Waadeilannen en lâns de Waadseekust. Yn ús radioprogramma Fryslân fan 'e moarn is freedtemoarn fan 06.00 oere ôf de lêste stân fan saken te folgjen. En fansels sit dan ek de ynternetredaksje wer klear om it nijs foar jim by te hâlden op de webside.
Freed giet it skjinmeitsen fierder op Skylge en militêren sille helpe mei it oprêden op Skiermûntseach. "Schiermonnikoog is het kleinste Waddeneiland en heeft daardoor de minste gemeentelijke capaciteit en de minste toeristen die kunnen helpen", ferklearret in wurdfierder fan Definsje oan RTV Drenthe. Flylân en It Amelân hâlde noch in slach om de earm, ôfhinklik fan wat de nacht bringt. Foar no allegear tige tank foar it folgjen!
22:28

Nijs oer de konteners ek ynternasjonaal oppikt

Under oare de grutte ynternasjonale nijsstjoerders CNN en BBC News ha tongersdei ek omtinken jûn oan it nijs oer de oanspielde konteners en de opromaksjes op de eilannen.
20:01

Yn totaal goed 200.000 kilo ôffal opromme op It Amelân

It strân op It Amelân is foar it grutste part skjinmakke, mar mei de opkommende floed kin der opnij guod oanspiele. Freedtemoarn lit de gemeente witte oft de skjinmakaksje ferlinge wurdt. Der wurde noch in soad konteners fermist.
19:29

Freed wer fierder op Skylge

18:01

Opromaksje op Skylge

17:37

130.000 kilo ôffal ôffierd op It Amelân