Kollum: "1.000"

Tûzen. Wat in raar wurd eigentlik. Tûzen. Krigest it gjin Nederlanner oan it ferstân, mei dat dakje op de u. En Friezen ek net trouwens, want útsein de profesjonele Frysk-sprekkers, sizze hast alle Friezen tûzend. Mei in D. It is ek it earste getal dat yn 'e buert komt fan 'ûntelber'. Tsien, maklik. Hûndert, is in soad, mar te dwaan. Pear kear hûndert kinne we ús ek noch wol wat by foarstelle, mar tûzen? Nimmen wit echt hoefolle oft dat is. Ast de auto by de garaazje hast en se belje op mei 'ik ha net sok bêst nijs', dan is it tûzen. As in skiedkundige seit: 'yn in tiid dat Nederlân der noch net wie', dan is it tûzen. As je om op reis te gean mei it fleantúch moatte, dan is it tûzen. It is in ûnfoarstelber soad.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ik hie it mei in freondinne fan my oer ús aginda's. Ik bin in oertsjûge brûker fan in digitale aginda, mar sy net. Neist dat se leaver eat fan papier yn 'e hannen hat, seit se ek dat se it net oankin dat in digitale aginda gjin ein hat. Dat is wier; as ik wat ynplanne wol op 3 jannewaris 2119, dan kin dat. En 3119 ek. Ik tink dat de measte minsken yn it deistich gebrûk fan in digitale aginda dêr net safolle lêst fan hawwe, mar it aktivearret al gedachten. Sa as: wat soe it lêste wêze dat ik yn myn aginda ynplan? Yn hokker jier is dat?
Op hokker dei sprek ik myn lêste kollum út yn Fryslân fan 'e moarn? Op hokker dei hâldt Fryslân fan 'e moarn hielendal op? En wannear wurdt Omrop Fryslân opheft? En nee - dy fragen bliuwe net ivich ûnbeäntwurde: dy dagen komme. Mar sa lang as it noch ûnfoarstelber is, sa lang as we dy dagen noch net yn ús aginda's skriuwe kinne - sa is de redenaasje fan myn papieren aginda-brûkende freondinne yn elk gefal - is der noch net safolle oan 'e hân.
Ik rekkene fan 'e wike yn Amsterdam in kopke tee ôf foar 2,60 euro. Eartiids wie dat ûnfoarstelber, hoewol't wy eartiids ek minder fertsjinnen. Us heit hie eartiids in trekker mei 95 pk. Dat fûn ik in ûnfoarstelber soad, mar we seagen in hjoeddeistich eksimplaar fan itselde merk mei mear as 500 pk. In trekker fan 500 pk soe trouwens it measte ark op de pleats finaal oan stront draaie. Myn earste kompjûter hie 2 megabyte oan RAM-geheugen. It eksimplaar dêr't ik dit stikje op typ hat achttûzen kear safolle. Doe't ik dit ding kocht, tocht ik dat it nedich wie. Mar och.
Mear is net altyd better. De brânsteapel op it strân fan Scheveningen wie dit jier mei 48 meter heger as ea. In 'vreugdevuur', hjitte it, en tink derom, it is Ymmaterieel Erfgoed. It begûn dêr yn 'e jierren 80 mei it ferbrânen fan krystbeammen, neat oan 'e hân. No wurde der tûzenen en tûzenen houten pallets opinoar steapele, dy't ek net krykkrakkich wêze kinne, want der moat hast 50 meter op, en se brûke der hyskranen foar om alles op dizze hichte krije te kinnen. Kin it noch heger? Wannear hâldt dit op? Teoretysk kinst noch folle heger fansels, oant al it hout op 'e wrâld der op smiten is, mar troch de fonkerein sil dan spitigernôch al de rest fan Nederlân kompleet ôfbrâne en feroaret de wrâld yn Paaseiland.
Minder. Je meie it net sizze. Je meie net 'it folk' harren tradysjes ôfpakke. Mar guon tradysjes binne gewoan net hâldber; as it tradysje is om hieltyd mear, wêr hâldt it dan op? Dus ja, Jacob, mear en mear en mear ôfleveringen Fryslân fan 'e moarn. Hoefolle koarte nachten kinsto noch oan? Hoefolle kollums mei myn eksistinsjele geseur kinst noch lije? Hoe faak kinsto Oele Plop noch hearre oant datsto dyn holle op it mingpaniel ramst?
We telle op, oant tûzen, and beyond, oant in noch ûnbekend getal. We soene it wol witte wolle, mar och. As wy der binne, begjinne wy gewoan mei wat nijs, en begjinne wy wer by 1, lykas elke jannewaris. Lokwinske oan it hiele FFM-team, en folle lok en seine!