Rederij op syk nei kwytrekke konteners

De rederij fan it kontenerskip MSC Zoe dat woansdei 270 konteners ferlear yn de Noardsee boppe de Waadeilannen, is begûn mei in bergingsoperaasje. It bedriuw MSC Mediterranean Shipping Company sil skippen mei sonar ynsette om de kwytrekke konteners op te spoaren.
kontenerskip MSC Zoe © Wikimedia Commons
Neffens de rederij is it skip de konteners ûnder swiere omstannichheden ferlern. Sy sizze dat se it ynsidint hiel serieus nimme, sawol op it mêd fan it miljeu as de skea foar de klanten.
Guon konteners spielden woansdei oan op Skylge, It Amelân, Flylân en Skiermûntseach. De eilannen binne bang dat se lang lêst hawwe sille fan alle plestik en ferpakkingsmaterialen dy't yn de konteners sitte en harren troch de hurde wyn ferspriede yn de natuer. Yn trije konteners sitte boppedat gefaarlike stoffen.
De konteners dy't noch yn see driuwe, binne dêrneist in gefaar foar de skipfeart.