Gemeente De Fryske Marren is tenei offisjeel fairtrade

Gemeente De Fryske Marren is tenei offisjeel in Fairtrade Gemeente. Boargemaster Fred Veenstra naam woansdeitejûn in boerd yn ûntfangst. It wie in ferrassing dat de gemeente de titel woansdei krige, seit wethâlder Durk Durksz. "Mar wol in hiel noflike ferrassing."
Wol wist Durksz dat de gemeente goed dwaande wie. "We wiene al safier dat we tochten: it moat der in kear oankomme. We wiene ek al posityf beoardiele." Dat beoardieljen wurdt dien troch de stichting Fairtrade Gemeenten Nederland. "Dêrfoar moat der ûnder oare in wurkgroep 'fairtrade' wêze", leit Durksz út. "Dy hiene wy al in tal jierren."
Fierder is it belangryk dat ynstellingen, bedriuwen en winkels har ek ynsette. Durksz: "Dat sit hjir wol goed. In wike as fjouwer lyn ha ik wer sa'n fyftjin bedriuwen in sertifikaat útrikke mochten. Yntusken binne der 75 bedriuwen en ynstellingen yn de gemeente dy't 'maatskiplik ferantwurde ûndernimme'."