Tsientallen klapstuoltsjes út de Waadsee helle

De rederij Noordgat hat woansdeitejûn mei twa skippen tsientallen klapstuoltsjes út it wetter helle. Dy dobberen noch yn de Waadsee en binne gefaarlik foar it ferkear op see.
© De Vries Media
De stuoltsjes komme fan it frachtskip MSC Zoe, dat 270 konteners ferlear boppe it Dútske eilân Borkum. In diel fan de konteners, en de ynhâld dêrfan, spielde oan op de eilannen. De measte konteners dobberje lykwols noch op see.
De stuoltsjes binne út it wetter helle sadat it seefeartferkear der gjin lest fan hat.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.