Seehûnesintrum freget help by skjinmeitsjen kust: "Om ernstige natuurschade te voorkomen"

02 jan 2019 - 21:47

It seehûnesintrum fan Pieterburen en Steatsboskbehear sette tongersdei útein mei in aksje om de Waadseekust skjin te meitsjen, nei't de ynhâld fan ferskate konteners op de diken bedarre is. Dan giet it om plestik en oar ôffal. Mei de skjinmakaksje besykje se de skea oan de natuer safolle mooglik foar te kommen.

Foto: De Vries Media

De organisatoaren freegje elkenien om har oan te sluten by de aksje. Ek hoopje se dat de eigeners fan de konteners en de rederij har 'ferantwurdlikheid nimme'. "Hulp in iedere vorm is op dit moment nodig om verdere en ernstige schade aan de natuur te voorkomen", sizze se.

"Hoe meer, hoe beter"

It seehûnesintrum makket de kommende dagen de diken tusken Holwert en Lauwerseach skjin. Dêr begjinne se tongersdei om 10.00 oere mei. "Hoe meer mensen zich aansluiten, hoe beter en hoe sneller ook op andere plekken begonnen kan worden", seit it seehûnesintrum. "Eigen initiatieven worden ook zeker aangemoedigd."

Tongersdei om 10.00 oere is it team fan it seehûnesintrum by de Mariatsjerke yn Wierum, by museum 't Fiskershúske yn Moddergat en by it kitesurfparkearplak Hoek van de Bant by de haven fan Lauwerseach. Dêr sille oant 16.00 oere minsken oanwêzich wêze.

Mear aksjes op tou

Der wurde mear skjinmakaksjes op tou set. Jutters sille, nei't se sjoen hawwe oft der noch wat nij guod oanspield is, op de eilannen meihelpe mei it opromjen. De ûndernimmersferiening fan Skylge docht ek in oprop om allegear skjin te meitsjen tongersdei.

De gemeente Flylân ropt minsken op om har om 8.30 oere te melden by de brânwachtkazerne fan it eilân. Dan geane se dêr ek fierder mei it oprêden.

Arnout de Vries fan seehûnesintrum Pieterburen

(advertinsje)