Konifearehage by skoalle yn Damwâld giet diels yn flammen op

02 jan 2019 - 21:22

Goed tweintich meter fan in konifearehage by basisskoalle De Fontein yn Damwâld is woansdeitejûn ferwoaste troch in brân.

Foto: Kevin van der Velde / ProNews

Wêrtroch't de brân ûntstien is, is noch net bekend. Buertbewenners besochten mei brânblussers en túnslangen noch om de brân gau út meitsjen, moar sy koene net foarkomme dat goed tweintich meter ferlern gong.

Uteinlik hat de brânwacht it fjoer útmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)