Gemeentewapen Noardeast-Fryslân is miks fan wapens trije âlde gemeenten

02 jan 2019 - 20:45

De nijste gemeente fan ús provinsje, Noardeast-Fryslân, hat no ek in eigen gemeentewapen. Dat is woansdei by de earste riedsgearkomste ûntbleate troch waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker. Noardeast-Fryslân is op 1 jannewaris 2019 ûntstien út de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. Yn it wapen binne de wapens fan de trije âlde gemeenten ferwurke.

It wapen fan Noardeast-Fryslân - Foto: Noardeast-Fryslân

It grien yn it wapen ferwiist nei it agraryske karakter fan de gemeente. De yndieling fan it wapen moat oanjaan dat it om in kustgemeente giet. De stjer mei seis punten siet ek al yn de wapens fan de âlde gemeenten. Sterker: dy hiene mei har trijen sels alve seispuntige stjerren yn de wapens.

De kroan fan trije blêden en twa kear trije pearels stiet yn de Fryske tradysje bekend as de gritenijkroan. Dy is oernommen fan de gemeenten Kollumerlân c.a. en Dongeradiel.

Wurkgroep mei saakkundigen en âld-boargemasters

It wapen is makke troch in wurkgroep. Dêryn sieten Piet Bultsma (heraldysk tekener Hoge Raad fan Adel Den Haag), Piet Visser (âld-boargemaster Kollumerlân c.a. en âld-foarsitter Friese Heraldische Kring), Haije Talsma (âld-wethâlder Ferwerderadiel en saakkundige fan de skiednis yn de regio), Ihno Dragt (direkteur Museum Dokkum) en Bearn Bilker (âld-boargemaster Kollumerlân c.a.).

(advertinsje)
(advertinsje)