'Sa gau as mooglik alle konteners bergje, foar't se sinke'

De strânjutters op Flylân en Skylge, dy't oanspield guod fan de strannen helje, dogge hiel goed wurk, seit Erik van Sebille. Hy is ferbûn oan de Universiteit Utrecht en docht ûndersyk nei oseaanstreamingen. "Zo komen deze spullen niet terug in de zee en uiteindelijk niet in de oceaan terecht."
© De Vries Media
Van Sebille docht ek ûndersyk nei hoe't ôffal en plestik harren ferspriede oer de seeën op de wrâld. Neffens de oseaanûndersiker betsjut it oerboard slaan fan de 270 konteners in enoarme fersmoarging fan de oseaan.
"De meeste containers zullen waarschijnlijk snel zinken, maar de spullen uit containers die in plastic verpakt zitten, kunnen nog lang blijven drijven en komen uiteindelijk bij de zogenoemde plastic soep terecht", seit Van Sebille. "Het is dan ook zaak de containers zo snel mogelijk te bergen, voordat ze zinken en doorroesten."

Net mear op de strannen

It kontenerskip MSC Zoe ferlear de konteners yn de nacht fan tiisdei op woansdei boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de stream fan it tij dreaune de konteners en it spul dat deryn siet nei it súdwesten, nei de Fryske Waadeilannen. Van Sebille ferwachtet net dat der noch in protte guod op de Nederlânske strannen bedarje.
"Ze zullen op de getijden nog een beetje heen en weer dobberen", seit Van Sebille. "Maar ik verwacht niet dat er nog dagenlang spullen zullen aanspoelen. Uiteindelijk drijven de goederen op de zeestroming naar het noorden, langs Noorwegen naar het poolgebied."
Dan komt it guod úteinlik yn de Barentszsee telâne. Dêr is tusken Spitsbergen en Nova Zembla - by de Noardpoal - in grutte, driuwende jiskebult.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.