Jacob Stelwagen is klear foar tûzenste útstjoering Fryslân fan 'e moarn: "Ik set de wekker"

02 jan 2019 - 19:31

Fiif dagen yn 'e wike om 04.00 oere moarns fan bêd ôf. It soe foar in soad minsken in nachtmerje wêze. Presintator Jacob Stelwagen docht it al tolve jier. Tongersdei presintearret er foar de tûzenste kear it moarnsprogramma Fryslân fan 'e moarn op 'e radio. "Eins bin ik in jûnsminske, dus dit is alle dagen noch best in útdaging foar my", gniist er. "En it giet ek wolris mis..."

Foto: Omrop Fryslân

Op moandei 2 maart 2015 wie de allerearste útstjoering fan Fryslân fan 'e moarn te hearren op 'e radio. Tongersdei sit Jacob foar de tûzenste kear efter de mikrofoan om it nijs moarns fan seis oere ôf te bringen. "Net allinnich it nijs", seit er mei klam. "Wy ha bewust keazen foar in wat luchtigere ynstek, mei net allinnich mar nijsrepo's. Nim de kollumnisten dy't wy alle dagen ha en it mediaoersjoch. Dêrmei biede wy moarns mear as allinnich mar nijsberjochten."

Mei ús allen meitsje wy der alle dagen in feestje fan.

Jacob Stelwagen

Efkes wenne

Dy wat luchtigere toan moast yn maart 2015 earst wol efkes wenne by de harkers, wit Jacob noch goed. "Wy krigen yn it begjin hiel wat reaksjes. Minsken moatte altyd wenne oan in nij format. Mar yntusken wurdt ús programma poerbêst beharke. Dat komt mei troch it team, wêrmei't ik alle útstjoerings meitsje. Mei ús allen meitsje wy der alle dagen in feestje fan. Dan is betiid fan bêd ôf net sa'n straf."

Lilke baaskes

Ien fan de fêste minsken fan dat team is Feike Wouda, dy't hast alle dagen oanskoot foar it nijs en it media-oersjoch. "It media-oersjoch is ien fan de meast besprutsen ûnderdielen fan it programma", wit Jacob. "Ik wit noch goed dat wy it oer chihuahua's hiene. Feike en ik binne beide net sokke grutte chihuahua-fans", laket Jacob. "Doe't wy der op radio grappen oer makken, krige ik fuortendaliks lilke reaksjes fan hûnebaaskes. Wy ha úteinlik ús ekskús oanbean."

Moaiste útstjoering

De moaiste útstjoering fan Fryslân fan 'e moarn wie lykwols yn jannewaris 2016, doe't de izel ús provinsje yn 'e besnijing hie. "Wy ha fuortendaliks it beslút naam om harkers yn ús programma oan it wurd te litten. Der waard massaal gehoar oan jûn. Wy ha noch noait safolle reaksjes krigen. Sa waarden wy in soarte fan 'yntermediêr' tusken alle minsken yn Fryslân. Skoallen, ynstânsjes, bedriuwen; elkenien wist ús te finen. Dat is radio op syn bêst: it perfekte middel om mei elkoar te kommunisearjen."

Sjarme fan de radio

Jacob is in echte radioman, yn ieren en sinen. Hy is dan ek gjin foarstanner fan 'visual radio'. "It moaie fan radio fyn ik, dat harkers harren eigen byld foarmje kinne fan hoe't it der yn de studio om en ta giet. Dat is de sjarme fan de radio."

Presintator Jacob Stelwagen oer syn tûzenste moarnsútstjoering

Yn sliep falle? Ik ha altyd tocht: soks oerkomt my net.

Jacob Stelwagen

Fan natuere in jûnsminsk

Sels krijt Jacob ek geregeld de fraach hoe't er alle moarnen sa betiid fan bêd komt. "Gewoan der út gean as de wekker giet", laket er. "Yn dy tolve jier ha ik my twa of trije kear ferslept. Uteinlik went it om alle dagen sa betiid fan bêd te gean. Ek yn myn fakânsje bin ik om healwei fiven wekker. En dat wylst ik fan natuere hielendal gjin moarnsminske bin. Sterker noch: ik bin eins in jûnsminske. Ik lis ek noait betiid op bêd. As der Champions Leaguefuotbal is, sjoch ik dat gewoan út. Ek as der in ferlinging is."

In hazzesliepke

In jûnsminske dat in moarnsprogramma presintearret; it is freegjen om problemen. Mar oant no ta gie it noch nea mis. No ja, hást nea. "Foarich jier hat it mear as in heale minút stil west op 'e radio", jout Jacob ta. "Hoe't dat kaam? Dat ha ik oant no ta noch noait tajûn, mar ik sis it no mar hiel earlik: ik wie hiel efkes yn sliep fallen. In sjenanter momint út dy tolve jier op de radio kin ik net betinke. Ik ha altyd tocht: soks oerkomt my net. Mar wol dus."

Bysûndere mominten

Him skamje foar dy iene kear docht Jacob lykwols net. Yn de tûzenste útstjoering stiet de presintator sels efkes stil by syn 'hazzesliepke'. "Wy draaie de plaat fan dy útstjoering op 'e nij. Sjen oft ik dit kear wol wekker bliuwe kin", gniist Jacob. Ek is der omtinken foar oare moaie mominten út de ôfrûne tûzen ôfleveringen. Tegearre mei ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht Jacob werom op bysûndere mominten. "En fansels mei in media-oersjoch-oersjoch net ûntbrekke", ferklapt Jacob.

Harkje mei!

De tûzenste útstjoering fan Fryslân fan 'e moarn is tongersdei 3 jannewaris fan 06.00 oere ôf te hearren by Omrop Fryslân. Weromharkje kin fia de webside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)