PvdA wol aktivere bestriding stienmurd: "De steenmarter verovert onze provincie"

02 jan 2019 - 18:42

De PvdA yn Provinsjale Steaten freget FNP-deputearre Johannes Kramer om dúdlikens oer in taname yn oerlêst troch stienmurden. "We krijgen steeds vaker berichten dat de steenmarter zijn leefgebied in onze provincie uitbreidt", seit PvdA-steatelid Hetty Janssen. "Landschapsbeheer Friesland geeft bijvoorbeeld aan dat de steenmarter de provincie verovert." Omdat minsken der oerlêst fan ûnderfine, wol de PvdA witte hoe grut it probleem is.

Foto: Wikipedia

"We willen graat weten hoeveel steenmarters er zijn, hoeveel schade ze hebben aangericht en of het nodig is om de steenmarter actiever te bestrijden", seit Janssen. De stienmurd is no noch beskerme, mar de PvdA wol der wol wis fan wêze dat it yn lykwicht bliuwt.

Boppedat is it dus net dúdlik hoefolle stienmurden oft der echt binne. "De laatste tellingen zijn van een aantal jaar terug. Toen lag de grens op 200 steenmarters, maar mensen zeggen nu dat die grens mogelijk wordt overschreden. Landschapsbeheer Friesland ziet het beestje op steeds meer plekken en ook jagers hebben sterk die indruk."

Dêrom is de fraach dus oft der yngrepen wurde moat. "Er liep eerder al een onderzoek naar het nut van het doden van steenmarters. We hebben alleen nog niet gehoord wat de resultaten zijn, dus dat willen we graag weten." Mar de PvdA wol benammen witte hoe grut oft it probleem is: "Hoeveel schademeldingen zijn er? Hoe wordt het aantal steenmarters ingeschat?"

PvdA-steatelid Hetty Janssen oer de stienmurd

Trefwurden: 
stienmurd PvdA Hetty Janssen
(Advertinsje)
(Advertinsje)