Boargemaster Skylge: "Over een halfjaar ligt de troep er misschien nog"

02 jan 2019 - 16:21

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge baalt ferskriklik fan al it guod dat woansdei oanspield is op de Waadeilannen. Doe't Wassink moarns wekker waard, is er nei it strân gien. "Je bent nieuwsgierig naar wat er op het strand ligt. Dan is het schrikken geblazen, vooral voor de gevolgen die dit heeft. Donderdag is de nieuwigheid eraf, maar over een halfjaar ligt een deel van de troep er misschien nog."

De rederij dy't oanspraaklik is foar de troep op de eilannen is troch de autoriteiten al oansprutsen op de fermiste konteners. Gewoanwei soe dy ek de rekkening fan de skea betelje moatte. "Ik hoop dat mensen snel beginnen met opruimacties", seit Wassink. "We denken na over hoe we dat gecoördineerd zo snel mogelijk op kunnen pakken, maar ook de verantwoordelijke reder moet in beweging komen, het liefst zo snel mogelijk."

Strook fan 10 kilometer

De ynhâld fan de ferskate konteners leit ferspraat oer in strook fan sa'n 10 kilometer oer it eilân. Guon saken wurde fluch fuorthelle troch de jutters, mar wat der oerbliuwt is in soad troep, sa sjocht Wassink. "Veel plastic, veel piepschuim. daar zijn we nog lang niet klaar mee. Dat wordt een enorme opruimactie. Echt een heel trieste aanblik."

Kan dit niet voorkomen worden?

Dat freget boargemaster Bert Wassink him ôf

No't de strannen fan de Waadeilannen fol mei troep lizze, komt ek de fraach omheech hoe't dit no barre koe. "De eerste de beste keer dat er een behoorlijke storm opsteekt, doet dit zich weer voor. Je zou zeggen: kan dit niet voorkomen worden?" Want neffens boargemaster Wassink soe dit net noch in kear barre moatte. want hoe moai as it hjoed ek is foar de jutters, "morgen is de nieuwigheid eraf, en over een halfjaar ligt een deel van de troep er misschien nog."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.

(advertinsje)
(advertinsje)