Ferbean karbidkanon Sint-Nyk dochs ôfsketten: "We koene it net litte"

02 jan 2019 - 16:05

Op âldjiersdei is der dochs sketten mei it karbidkanon fan Sint-Nyk, wylst de gemeente De Fryske Marren dat útdruklik ferbean hie. It karbidteam fan Sint-Nyk hie it kanon opsteld by de Marchjepôle by de Tsjûkemar. De plysje hat dêrnei yngrepen. Op de Lanen waard it kanon yn beslach nommen. It soe no opslein wêze op de gemeentewerf.

Karbidkanon Sint Nyk doch ôfsketten

De leden fan it karbidteam wolle net al te folle kwyt oer harren aksje. Sy witte noch net wat no fierder de konsekwinsjes binne. Ien fan harren seit dat se it dochs net litte koene om it kanon ôf te sjitten, omdat it 'derby hearre' soe.

It karbidkanon fan Sint-Nyk waard al jierren brûkt, mar yn july 2018 waard dat ferbean troch de boargemaster. Der mei no allinnich noch sketten wurde mei molkbussen fan op syn meast 40 liter. It kanon wie makke fan in omboude jarretank fan 2500 liter. It stie yn de regel op it gersfjildsje efter maneezje De Oorsprong. Der kaam altyd in protte folk op it ôfsjitten ôf.

Foto: Gewoan Dwaan/Douwe Bijlsma

Krekt foar de krystdagen waard der troch de karbidploech yn Sint-Nyk noch in stille tocht hâlden mei it kanon, om ôfskied te nimmen fan it karbidsjitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)