LIVEBLOG: Fermiste konteners en jutterij: skjinmakaksjes sette tongersdei útein

02 jan 2019 - 23:11

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei 270 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske waadeilannen ta dreaun. Yn de rin fan woansdei binne der al sa'n 20 konteners op Skylge, Flylân en It Amelân oanspield. Mooglik folgje der mear. It lêste nijs hjiroer kinst yn dizze liveblog fine.

23:10
Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog oer de konteners en it guod dat oanspield is op de Waadeilannen. Yn ús radioprogramma Fryslân fan 'e moarn is tongersdeitemoarn fan 06.00 oere ôf de lêste stân fan saken te folgjen. Fierders sil der omtinken wêze foar de ferskate skjinmakaksjes dy't tongersdeitemoarn úteinsette. Foar no allegear tige tank foar it folgjen en graach oant in oare kear.

21:55
Skjinmeitsje

It seehûnesintrum fan Pieterburen en Steatsboskbehear sette tongersdei útein mei in aksje om de Waadseekust skjin te meitsjen. De ynhâld fan ferskate konteners is ek op de diken bedarre. Dan giet it om plestik en oar ôffal. Mei de skjinmakaksje besykje se de skea oan de natuer safolle mooglik foar te kommen.

Ek op de eilannen wurde allerhande aksjes op tou set.

Foto: De Vries Media
20:52
Help fan it leger

De boargemaster fan Skylge, Bert Wassink, hopet op "massale hulp" by it oprûmjen fan de konteners en de ynhâld dêrfan. Dat sei er yn Nieuws en Co. op NPO Radio 1. Njonken opromaksjes fan boargers en toeristen tinkt Wassink dat it Ryk en it leger ek help stjoere kinne nei de Waadeilannen.

20:07
Sa gau mooglik bergje

It is saak dat de konteners, dy't no noch yn it wetter lizze, sa gau as mooglik burgen wurde. Dat seit ûndersiker Erik van Sebille. Oars kin it guod út dy konteners noch lang driuwen bliuwe en by de plestik sop bedarje.

Hy seit ek dat de strânjutters hiel goed wurk dogge. "Zo komen deze spullen niet terug in de zee en uiteindelijk niet in de oceaan terecht."

18:28
Gemeente It Amelân jout it advys om net it strân op te gean

De kustwacht warskôge de jutters earder op de dei al dat der ek konteners mei gefaarlike stoffen oerboard slein binne. Sa soene der trije konteners mei organyske perokside fermist wêze. Dit is in gefaarlike stof dy't al by fiif graden boppe nul yn brân fleane kin.

18:21
Stuollen dobberje yn see tusken Harns en Skylge
17:45
De skea op de MSC, yn byld brocht troch de Havariekommando
17:09
De MSC Zoe

In foto fan it kontenerskip de MSC Zoe, nei't it skip de lading ferlern hat. Op de foto is dúdlik te sjen wêr't de konteners fan board fallen binne.

16:55
Feilichheidsregio warskôget
16:48
Boskwachter hat in dûbeld gefoel

It liket hast in miljeuramp: al it guod dat no rûnom op de eilânstrannen oanspield is. Boskwachter Remi Hougee fan Skylge hat der dûbele gefoelens by: "Er is adrenaline want er ligt wat op het strand. Dan komt het eiland in beweging! Maar als je kijkt naar wat er blijft liggen..het lichte verpakkingsmateriaal waait over de eerste duinen heen, en dat is heel vervelend want daar komt het onder het zand terecht."

Jutters en toeristen nimme faak de grutte saken mei nei hûs en litte it lytsere guod lizze. Dochs binne der ek no al minsken dy't net allinnich mar nei it strân komme om 'yn te slaan', mar ek om op te romjen. Ta opluchting fan Hougee. "We hebben de eerste dingetjes al even opgeruimd, maar er is geen beginnen aan om het alleen op te ruimen. Gelukkig zijn er al wel initiatieven om met z'n allen op te ruimen." Bygelyks by de kontener fan Formerum, dêr romje minsken al guod op.

De kommende dagen sil der noch hurd wurke wurde moatte om alles wer skjin te krijen.

16:11
Ek op It Amelân wurdt in opromaksje op tou set troch de autoriteiten
16:10
Noch mear konteners?

Earst gie it noch om 30 konteners dy't fan it skip fallen wiene, yntusken binne it dus 270. De kustwacht ferwachtet net dat it úteinlik noch mear binne, mar hielendal útslute kinne se it ek net.

Der is noch in soad net dúdlik, fertelt wurdfierder Maureen Ledegang: "Ik heb me laten vertellen dat er 40.000 containers aan boord kunnen. Het schip heeft nu pas in beeld kunnen brengen hoeveel containers er van boord zijn geslagen. Wat de oorzaak is, zal nog onderzocht moeten worden. Er is natuurlijk een behoorlijke storm geweest: windkracht 8 à 9. En op dit moment is er ook nog een golfhoogte van 2,5 à 4 meter. Het in kaart brengen lukt nu alleen nog vanuit de lucht."

16:05
Reaksjes op it oanspielen fan de konteners

Harkje hjir nei reaksjes fan de Kustwacht, Boargemaster Schokker en jutter Bruin

16:03
In argyffoto fan it skip dêr't de konteners ôffallen binne
kontenerskip MSC Zoe - Foto: Wikimedia Commons
15:52
Boargemaster baalt

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge baalt ferskriklik fan al it guod dat woansdei oanspield is op de Waadeilannen. Doe't Wassink moarns wekker waard, is er nei it strân gien. "Je bent nieuwsgierig naar wat er op het strand ligt. Dan is het schrikken geblazen, vooral voor de gevolgen die dit heeft. Donderdag is de nieuwigheid eraf, maar over een halfjaar ligt een deel van de troep er misschien nog."

15:46
Mear gefaarlike konteners

De Kustwacht warskôget dat der gjin trije, mar fjouwer konteners mei gefaarlik organyske perokside kwyt binne. Der is in grutte kâns dat dizze konteners yntusken sonken binne. Mar seker witte docht de Kustwacht dat net.

(advertinsje)
(advertinsje)