Peazens-Moddergat komt yn aksje foar behâld rêdingboatloads

02 jan 2019 - 15:20

Mei in hantekeningaksje wolle doarpsbelang Peazens-Moddergat en museum It Fiskershúske besykje de rêdingboatloads te behâlden foar it doarp. Mei de gjalp 'Red de reddingbootloods' sille bemanningsleden fan de roeirêdingboat yn Peazens en Moddergat by de doarren del om hantekenings yn te sammeljen. Ek kin der online in petysje tekene wurde.

It boathûs yn Moddergat - Foto: Omrop Fryslân

De rêdingboatloads út 1878 is koartlyn ferkocht. De nije eigener wol it gebou ferbouwe en ferhiere as rekreaasjeferbliuw. Doarpsbelang en it bestjoer fan it museum fine dat de loads beskikber bliuwe moat as ûnderkommen foar de restaurearre rêdingboat. De boat hat op dit stuit gjin plak.

Mei de hantekeningaksje wurdt besocht om de gemeente yn beweging te krijen foar it behâld fan de loads foar de mienskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)