Gjin 30, mar 270 konteners fermist boppe Waadeilannen

It frachtskip MSC Zoe is yn de nacht fan tiisdei op woansdei gjin 30, mar 270 konteners kwytrekke boppe it Dútske waadeilân Borkum. Dat lit de Kustwacht witte. Fan dy 270 binne 21 oanspield op Flylân, Skylge en It Amelân. De oare 250 konteners dobberje noch op see om. Earder waard bekend dat it om sa'n 30 konteners gie.
© Guus van Dieren
It skip dat de konteners ferlern is, de MSC Zoe út Panama is ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld. Yn totaal kin it skip 20.000 konteners hâlde. De bemanning fan de MSC Zoe is dwaande mei in ynventarisaasje om te sjen hoefolle lading der yn de nacht fan tiisdei op woansdei oerboard slein is. It skip is tsjin middernacht fanwege hege golven fan posysje feroare, om foar te kommen dat der noch mear konteners oer board slaan soene. De MSC Zoe wie ûnderweis fan Azië nei Bremerhaven.
Gefaar
Fuort nei't bekend waard dat der in grut tal konteners ûnderweis wiene nei de Fryske waadeilannen kaam de Kustwacht mei in warskôging. Trije fan de fermiste konteners hawwe nammentlik gefaarlike stoffen oan board. De Kustwacht hat yntusken de nûmers en kleuren fan dy konteners frijjûn:
As minsken ien fan dizze konteners oantreffe, moatte se de plysje as de brânwacht belje. Yn de konteners sit organyske perokside wat tige gefaarlik is, en maklik yn 'e brân fleane kin.
© Omrop Fryslan

Net helpe

Minsken dy't helpe wolle om de kust wer skjin te meitsjen wurdt foarearst frege om by it strân wei te bliuwen. "Belangstellenden wordt gevraagd niet mee te helpen met opruimen", twitteret de Kustwacht, "vanwege de drie nog niet gelokaliseerde gevaarlijke containers."
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.