Tredde fertochte oanhâlden yn deadlike fjoerwurk-saak Moarre

02 jan 2019 - 14:10

Der is in tredde fertochte oanhâlden yn de deadlike fjoerwurksaak yn Moarre, wêrby't op âldjiersdei in 41-jierrige man om it libben kaam. It giet om in man út Eanjum dy't woansdei oanhâlden is. De plysje slút net út dat der noch mear minsken oanhâlden wurde yn ferbân mei dizze saak.

Tiisdeitemiddei hold de plysje al twa fertochten oan yn ferbân mei dizze saak. Ien fan beiden is minderjierrige. De manlju sitte fêst fanwegen "betrokkenheid in de breedste zin van het woord", seit plysjewurdfierder Fred Kammenga.

Ek makke de plysje bekend dat it giet om "professioneel vuurwerk, dat op illegale wijze is verkregen en op onjuiste wijze tot ontbranding is gebracht".

(advertinsje)
(advertinsje)