Juttersbút: in goudmyn foar de leafhawwer, pine holle foar autoriteiten

02 jan 2019 - 12:53

It oanspielen fan konteners fol guod op de Fryske waadeilannen is in goudmyn foar de echte jutters, mar in nachtmerje foar natuerleafhawwers en de autoriteiten. Dirk Bruin is ien fan de jutters dy't woansdei op Flylân al de folsleine moarn op it strân te finen is. Hy sjocht de weach fan produkten op it eilân as in moaie kâns. "Dit is zo'n situatie dat het hele strand bezaaid ligt, dus dan hoef je je geen zorgen te maken dat je niets mee kan nemen"

Bernejassen, My Little Pony boartersguod, stuoltsjes foar yn in fuotbalstadion of auto-ûnderdielen. It wie woansdeitemoarn allegearre te finen op de strannen fan Flylân en Skylge. It guod komt fan it grutste kontenerskip yn 'e wrâld, de MSC Zoë út Panama. Dy ferlear yn de nacht fan tiisdei op woansdei tritich konteners mei in grut ferskaat oan guod. In part fan de konteners is no oanspield op de Fryske waadeilannen.

Syktocht fan de Kustwacht

"Het merendeel drijft nog op zee", fertelt Maureen Ledegang fan de Kustwacht. De organisaasje hat woansdeitemoarn fanút de loft besocht in goed byld te krijen fan de oanspielde en fermiste konteners. Benammen de syktocht nei trije konteners mei gefaarlike stoffen is urgint. Foar safier no bekend by de Kustwacht binne dizze lykwols noch net oanspield.

Ek boargemaster Tineke Schokker fan Flylân hat noed oer de gefaarlike konteners. Mear noch as oer de ravaazje dy't alle oanspielde guod feroarsaket. "Wy hawwe oan it begjin fan de middei op it gemeentehûs oerlis, om saken lykas it opromjen troch te praten." Neffens de boargemaster leit Flylân "fan east nei west oer it folsleine eilân besiede mei guod."

Grutte opromaksje

De opromaksje is net like maklik, en it sil mooglik dagen duorje foar't de strannen wer skjin binne. "Wy moatte foarkomme dat guod ek wer fuortwaaid, want bygelyks de stadionstuoltsjes sitte noch yn plestik en dat kin samar fuortwaaie, de dunen yn, en dat moat fansels net."

Schokker hat sels noch net te jutten west, neffens har sit der foar safier bekend net guod fan grutte wearde by. Benammen ek om't in soad materiaal al eefkes yn see lein hat.

Als de kleinkinderen komen dan kunnen ze van baby tot de lagere school in de jassen.

Jutter Dirk Bruin

Jutter Dirk Bruin is it lykwols net mei de boargemaster iens, hy is woansdeitemoarn fuort nei it strân set om guod mei te nimmen. "Ik breng het eerst naar huis en dan zie ik wel wat ik ermee kan!" Bygelyks ien fan de stadionstuoltsjes. "Er ligt hier een almachtige partij stoelen, maar de poten liggen verspreid over de hele vloedlijn." De poaten passe net allegearre op de stuoltsjes, en dus hat Bruin in moaie útdaging fûn: "nu komt het erop aan dat wij de juiste poten bij de juiste stoelen vinden."

Ek de bernejassen binne in moaie fynst, sa fynt Bruin. "Als de kleinkinderen komen dan kunnen ze van baby tot de lagere school in de jassen."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.

(advertinsje)
(advertinsje)