Deadlik ûngelok yn Moarre feroarsake troch swier yllegaal fjoerwurk

02 jan 2019 - 12:13

It deadlike ûngelok yn Moarre is feroarsake troch profesjoneel fjoerwurk, dat op yllegale wize bemachtige is. Dat hat de plysje woansdei bekend makke. Der binne tiisdeitemiddei twa minsken oanhâlden yn ferbân mei de dea fan de 41-jierrige man út dit doarp, dy't om it libben kaam op âldjiersjûn troch it fjoerwurk. Neffens de plysje is ien fan beide manlju dy't oanhâlden is minderjierrich. De manlju sitte fêst fanwegen "betrokkenheid in de breedste zin van het woord", seit plysjewurdfierder Fred Kammenga.

Foto: De Vries Media

Yntusken is dúdlik dat it giet om "professioneel vuurwerk, dat op illegale wijze is verkregen en op onjuiste wijze tot ontbranding is gebracht", lit de plysjewurdfierder witte. De plysje wol fierder neat kwyt oer de fertinking fan beide manlju. "Het kan zijn dat ze er bij waren of dat ze het vuurwerk geleverd hebben. We houden alles open." Ek oer de identiteit fan de beide manlju wol de plysje neat kwyt. "Dat heeft te maken met het dorp, een kleine gemeenschap. Het ligt erg gevoelig", seit Kammenga.

De plysje heart de beide manlju woansdei en hopet sa ek út te finen wêr't it fjoerwurk weikomt en wa't it krekt oanstutsen hat. Neffens plysjewurdfierder Kammenga is it dreech om te efterheljen wat him krekt ôfspile hat by it ynsidint.

Trefwurden: 
fjoerwurk âldjiersdei Moarre
(advertinsje)
(advertinsje)