Kustwacht warskôget foar gefaarlike stoffen by juttersguod op Skylge en Flylân

02 jan 2019 - 11:30

De kustwacht warskôget minsken dy't jutte wolle dat der ek konteners mei gefaarlike stoffen oerboard slein binne. Sa soene der trije konteners mei organyske perokside fermist wêze.

Foto: De Vries Media

De organyske perokside sit yn poeierfoarm yn fetten. It is noch net dúdlik om hokker type perokside it krekt giet. Wol is dúdlik dat it guod al by fiif graden boppe nul yn brân fleane kin.

Neffens de kustwacht moatte minsken de brânwacht as plysje belje as se dizze materialen fine, en it guod perfoarst net oanreitsje.

Een trieste aanblik op het eiland, hier zijn wij nog wel een tijdje mee bezig.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge

Yntusken binne achttjin konteners fûn: trije lizze op Flylân, fjouwer op Skylge, de rest leit tusken It Amelân en Skiermûntseach. De skipfeart op de Noardsee wurdt yntusken warskôge om út te sjen nei de konteners. Via in Navtex-berjocht ropt de kustwacht de skippen op om út te sjen as se flakby de Waadeilannen farre. De Brandaris stjoert it berjocht ek út.

Duorret noch dagen

"Een trieste aanblik op het eiland, hier zijn wij nog wel een tijdje mee bezig", seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge yn in reaksje op it oanspielde guod op it eilân. Ek boargemaster Tineke Schokker fan Flylân ferwachtet dat it noch wol dagen duorje kin foar't der strannen wer skjin binne.

By Peazens-Moddergat leit de seedyk fol mei pypskom. Ek dit soe troch de stoarm nei it kustplak tawaaid wêze.

Konteners oanspielt op Skylge en Flylân - Foto: Google maps

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.

(advertinsje)
(advertinsje)