Omrop TIP: It bêste fan Hea!

Op de twadde dei fan 2019 is it bêste fan Hea! 2018 te sjen. In seleksje fan de aardichste reportaazjes fan Hea! fan it seizoen.
© Omrop Fryslân

Moaiste bylden fan Hea! yn 2018

Mei ûnder oaren it tsjerkûle-museumke yn Warten, de merkefamylje Everts út Kollumersweach en de gymnastykjende mannen fan Sint-Nyk. Mar ek de moaie bylden fan it Flaeijelfeest, de artysten fan Circus Pauw en de kampioensponnys fan Wybe Adema fan Earnewâld komme wer foarby.
It bêste fan Hea! is ien fan de TV-tips foar de feestdagen. De moaiste bylden út de Hea!-ôfleveringen fan 2018 binne op 2 jannewaris fan 17.15 oere ôf nochris werom te sjen.
Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.