Jildtransportbedriuw SecurCash freget fallisemint oan

02 jan 2019 - 10:03

It jildtransportbedriuw SecurCash Nederland, mei in festiging yn Drachten, hat it fallisemint oanfrege. Om't der noch hope wurdt op in trochstart, wurket it personiel de kommende tiid wol troch. It bedriuw regelet ûnder oare it opheljen fan jild út winkels. Op dy merk binne in pear grutte spilers en de konkurrinsje is flink.

Kassajild - Foto: Shutterstock.com

De problemen soene al langer bekend wêze, mar waarden foar de drokke feestwiken stil hâlden om sa panyk foar te kommen. Woansdei wurdt in kurator oansteld, dy't in trochstart ûndersiket. Der is earder ek al mei partijen praat oer in oername, mar dy heakken ôf fanwegen de grutte skulden fan SecurCash.

By it bedriuw wurkje mear as 300 minsken, wêrfan sa'n 200 fêste meiwurkers. Yn Drachten wurkje sa'n 40 minsken.

Peter de Ridder fan CNV Vakmensen oer it fallisemint fan SecurCash

(Advertinsje)
(Advertinsje)