Boartersguod en auto-ûnderdielen spiele oan op Flylân en Skylge

02 jan 2019 - 09:42

De strannen fan Skylge en Flylân lizze woansdeitemoarn fol mei allerhande guod. It materiaal komt fan in kontenerskip, dat yn de nacht fan tiisdei op woansdei boppe it Dútske eilân Borkum sa'n tritich konteners ferlern hat. Fiif fan de konteners hawwe yntusken de strannen fan de twa Fryske waadeilannen berikt.

Boartersguod en auto-ûnderdielen spiele oan op Flylân en Skylge

De jutters fine ûnder oare buortersguod, lampepitten en ferskate auto-ûnderdielen op it strân. Ek is der in lading stuoltsjes foar in stadion fûn. De hurde wyn hat derfoar soarge dat de konteners fan Borkum nei de Fryske Waadeilannen driuwe koene. De jutters meie as útsûndering mei harren auto it strân op om guod op te heljen.

De kustwacht fljocht yntusken boppe de eilannen om út te finen wêr't de konteners allegearre bedarre binne.

"Een trieste aanblik op het eiland, hier zijn wij nog wel een tijdje mee bezig", seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge yn in reaksje op it oanspielde guod op it eilân.

De kustwacht warskôget minsken dy't jutte wolle dat der ek konteners mei gefaarlike stoffen oerboard slein binne. Sa soene der trije konteners mei organyske perokside oerboard slein wêze. Dit sit yn poeierfoarm yn fetten. It is noch net dúdlik om hokker type perokside it krekt giet. Neffens de kustwacht moatte minsken de brânwacht as plysje belje as se dizze materialen fine, en it guod perfoarst net oanreitsje.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)