Goeie foarnimmens yn swimbad De Welle: "Smyt de bar mei bier hjir mar iepen!"

Goeie foarnimmens; hast elkenien hat se wol. Ek de swimmers yn swimbad De Welle yn Drachten hawwe sa elk harren eigen goeie foarnimmens foar it nije jier. Fan it kampioenskip foar Drachtster Boys oant mear sporte. Mar oft dat lêste foarnimmen slagje sil.
Goeie foarnimmens yn swimbad De Welle: "Smyt de bar mei bier hjir mar iepen!"
Ik gean der fanút dat wy it net folhâlde.
In swimmer mei goeie foarnimmens
De earste swimmers yn De Welle lizze fier foar sân oere al yn it wetter. En allegear ha se goeie foarnimmens. Trije manlju binne foar it earst. "Wy ha as goeie foarnimmen om mear te sporten. It doel is om trije kear yn 'e wike te swimmen", fertelt de earste. "De kâns is grut dat wy healwei dit jier ophâlde en dan takom jier wol wer sjogge", gniist de twadde. "Ik gean der fanút dat wy it net folhâlde", laket de tredde. "Dus smyt de bar mei bier hjir mar iepen!"
De trije swimmers mei goeie foarnimmens
By swimmen hoechst net sa bot nei te tinken.
De fêste swimmers fan De Welle
Trije oare manlju swimme alle dagen harren fêste baantsjes. Mei mar leafst 83 en 92 jier op de teller binne se fierwei de âldste swimmers yn it wetter. "Wy dogge dit al jierren. By swimmen hoechst net sa bot nei te tinken. Dat leit ús wol." Dochs hawwe ek dizze manlju goeie foarnimmens. "Dat Drachtster Boys dit jier kampioen wurdt, dat soe moai wêze", fynt ien fan beide manlju.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De 'oud-gedienden' fan De Welle
Foar goeie foarnimmens hoecht it wier gjin 1 jannewaris te wêzen.
Badmaster Bas Miedema
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Badmaster Bas Miedema hat sa ien, twa, trije gjin goeie foarnimmens. "Ik bin sa'n fiif jier lyn ophâlden mei smoken. Net op 1 jannewaris, mar op 1 maart. Foar goeie foarnimmens hoecht it wier gjin 1 jannewaris te wêzen. Dêr kinst alle dagen wol mei begjinne."