F-16's út Irak en Syrië werom op Fleanbasis Ljouwert
De seis Nederlânske F-16's, dy't meidien hawwe oan de striid tsjin terreurgroep IS, komme woansdeitemiddei werom nei Nederlân. De fleanmasines fleane út Jordanië wei nei Fleanbasis Volkel en Ljouwert.
Jordanië hat hast 3 jier lang de útfalsbasis west foar de oarloch tsjin IS yn Irak en Syrië. Yn totaal hawwe seis Nederlânske F-16's meidien oan dizze missy. Fjouwer F-16's komme woansdeitemiddei om healwei fjouweren hinne oan op fleanbasis Volkel, twa fleane troch nei Ljouwert. De 150 militêren dy't de fleanmasines yn de loft hâlde, folgje letter.
Lêste missy
De tastellen fierden âldjiersdei harren lêste missy yn it Midden-Easten út. It is foarearst de lêste grutte missy fan de F-16's. Yn 2019 steane se klear foar de NAVO en bewake se it loftrom boppe de Benelúks. Boppedat moatte de piloaten kommend jier oan de slach mei trainingen foar it nije tastel, de F-35.