Kollum: "Meldpunt"

02 jan 2019 - 08:05

"De FNP wie eartiids in politike partij. It wurdt no in meldpunt. Dêr kinne jo dan melde wannear't Fryske plattelânstradysjes tsjinwurke wurde troch de oerheid. Wêr't de FNP nota bene sels faak yn sit. Mar jo kinne better meldpunt wêze as in politike partij. Jo ferwachtsje stânpunten fan in politike partij. Sa'n FNP soe no bygelyks sizze kinne dat der gjin sânwinning yn de Iselmar by Murns komme moat. Fan in meldpunt hoege wy dat net te ferwachtsjen.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

In meldpunt is inkeld in punt dêr't jo wat melde kinne. Dêr dogge se neat mei. Maklik skoare sa tsjin âld en nij. Elkenien tinkt bygelyks dat fjoerwurk in tradysje is. Dat is net sa. It is in út de hân rûne ôfwiking. De FNP wol it karbidsjitten behâlde. De tradysje dêrfan is dat de boer eartiids nachts om tolve oere in molkbus kalk ôfskeat. As hy twa bern hie miskien noch in kear. Dan wie it oer. No is it in oarlochsfeest dêr't smiten dronken jongfolk harren mei fermakket, mei soms earnstige gefolgen. De oerheid docht wat se altyd docht: neat.

Dy oerheid fynt it bêst dat yn elk doarp optochten hâlden wurde mei de doarpsfeesten. As de minsken dêr gjin nocht mear oan ha om in wein of in gondel te bouwen, hâldt it fansels op. Dat doarpsfeest is der like goed; muzyk en sûpe yn de tinte. Dat neame se tradysje, it is gewoan ús karnaval.

De oerheid leit ek it tradisjonele keatsen gjin hânbree yn 'e wei. Dat is gewoan njonken de tinte. Inkeld, der sjocht gjin hûn mear nei. Ek de Boerebrulloft, Kokedagen en sa binne as hichtepunt fan it doarpsfeest net ferkeard. Sels boargemasters steane sokke dagen yn de kroech of tinte. De oerheid komt inkeld yn aksje as guon jong doarpsfolk in âlde tradysje werstelle wol en it buordorp de harsens yn slacht. Dy melde dat net by de FNP, mar slaan werom.

Fryske hynders meie ringstekke. Se bringe de boer sneins net mear nei tsjerke, al soe it wol meie. En Campina betellet dat de tradisjonele ko ek wer yn de greide komt. Skûtsjesilen is ek sa'n tradysje. Mar de FNP kin net safolle katoen breidzje, dat de seiltsjes wer tradisjoneel wurde. Krekt as fierljeppen en oar guod; it libbet syn eigen libben sadanich dat it publyk belutsen bliuwt. Wy kinne omraak eveneminten organisearje op in min of mear tradisjonele basis. Dat is it dan. Mar wy ha echt gjin meldpunt nedich.

Sûkerbôle en oranjekoeke wurde troch de oerheid neat yn 'e wei lein. Sterker, se keapje de sûkerbôle , smarre der boerebûter op en keapje dêrmei Hollanners om.

Fryske plattelânstradysjes binne der inkeld noch op de eilannen. De Partij voor de Dieren wol dat se op Skier by Kallemooi net in hoanne yn de mêst hingje. Dy partij soe him better te skoar sette kinne tsjin it domme aldjiersfjoerwurk, as ús hûn yn de hoeke fan de keamer skyt fan benaudens.

De oerheid docht ek hielendal neat tsjin it Sunderklazen op It Amelân. Prima dat wy dêr net hinne meie, want dan waard it daliks wer in te grut evenemint. En dat Sint Piter yn Grou nasjonaal erfskip wurden is, hâldt net yn dat de oerheid yngripe moat om't de bern yn Grou én op 5 desimber én op 21 febrewaris in kadootsje krije.

De iennichste tradysje dy't de oerheid rêde kind hie, wie it aaisykjen. Mar ja, wy hiene in FNP-deputearre dy't dat beoardere. Dat is dus neat wurden. Wy kinne it miskien wol melde, mar dan seit hy dat de Frânsen, mûzebiters, foksen en stienmurden him oan de kant skood ha.

Dy deputearre, Johannes Kramer, wie âldjiersdei mei in koptillefoan op by karbidsjitters. Watte, de hiele FNP besocht alle karbidsjitters en traktearre op oaljekoeken en stickers. Dat wylst de mearderheid fan folk en de bisten al lang tsjin fjoerwurk is. Stickers op de karbidbus. Beukers. Sorry beukers.

Want Den Haach tinkt no fansels dat it Frysk net mear is as in plattelânstradysje, as de FNP him dêr sa drok oer makket. Dan hoecht nimmen mear omtinken oan de taal te jaan. As jo dêr oer seure wolle, dan kin dat toch moai by dat meldpunt?"

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)